Friese Kunstroute | Friesland

Nieuws

« Terug naar overzicht

Keunstrûte Littenseradiel
Stichting Keunstrûte Littenseradiel
Email: organisatie@friesekunstroute.nl
Website: www.friesekunstroute.nl
========================================================
 
PARSEBERJOCHT
 
Noch inkelde dagen om yn te skriuwen foar Keunstrûte Littenseradiel
 
Winsum – De organisaasje fan de Keunstrûte Littenseradiel is dwaande om de keunstrûte yn in stifting ûnder te bringen en is ek drok mei de tarieding fan de iepen atelierrûte, dy’t hâlden wurde sil yn it wykein fan 26 en 27 maaie 2018. De ynskriuwing foar dielname slút op 1 jannewaris.
 
De organisaasje feroaret, mar de keunstrûte bliuwt itselde
It tarieden fan de keunstrûte dy’t ein maaie 2018 plak fine sil, is yn septimber al útein setten. Omdat it better is dat it foldermateriaal earder klear is, is it oanmelden dêrom twa moanne nei foaren helle.
Waard Keunstrûte Littenseradiel oant no ta noch foar in part stipe troch gemeente Littenseradiel, dat is nei 1 jannewaris oer. Gemeente Littenseradiel hâldt op te bestean mar de keunstrûte giet fierder ûnder de besteande namme ‘Keunstrûte Littenseradiel’ en wurdt ûnderbrocht yn in stifting mei ANBI-status. Omdat dizze stifting it adres yn Winsum hat falt de keunstrûte straks ûnder gemeente Waadhoeke. It wurkgebied bliuwt lykwols itselde, de Greidhoeke mei deryn alle doarpen fan de eardere gemeente Littenseradiel. De stifting hat as doel om in atelierrûte te fersoargjen en om keunst en kultuer yn de Greidhoeke te stimulearjen.
 
Nije webside
De Keunstrûte hat sûnt dizze hjerst der ek in nij teamlid bij dy’t de webside bijhâlde sil en dy’t ek it drukwurk en de folders foarm jaan sil. De webside hat koartlyn in oar oansjen krigen en is oanpasse oan de easken fan dizze tiid. Sa is de webside no ek oanpast oan de skermen fan smartphones en tablets.
Op de side fan de keunstners binne foto’s fan keunstwurken te sjen mei derûnder de namme fan de keunstner. De foto’s binne grutter en folje bij smartphones it hiele skerm. As jin op de foto klikt ferskynt ynformaasje oer de keunstner.
Alle ynformaasje oer Keunstrûte Littenseradiel is te finen op www.friesekunstroute.nl, der kin men ek terjochte foar it meidwaan oan de keunstrûte, maar wês der dan wol rap bij want de ynskriuwing slút 1 jannnewaris. Minsken dy’t har letter oanmelde, kinne net mear yn it foldermateriaal neamt wurde.